“Ien minske makket it ferskil”
UIT DE REGIO ………………
Kwartettekoar sjongt yn de Sint Joris Tsjerke yn Easterbierrum.
Op snein 9 febrewaris om 9.30 oere sjongt it Kwartettekoar under lieding fan Feike van Tuinen de cantate: “Ien minske makket it ferskil”. De tekst is skreaun troch Eppie Dam, de musyk is fan Jan de Jong.
It is en bliuwt in cantate mei in aktuele tekst. Grutte namen út it ferline as Florence Nightingale, Marten Luther King en Mahatama Gandi hearre derby. Mar ek hjoed de dei meitsje minsken it ferskil. Yn en bûten de tsjerke. En ek do kinst it ferskil meitsje. Sjoch mar nei de tekst:
Do hoechst gjin hillige te wêzen, gjin kening of in wiis profeet –
as oaren oan dyn hert mar lêze, dasto begien bist mei har leed.
Dan tinksto krekt sa om ‘e ierde, (dy hat it stadichoan net breed)
en litst dy troch de skepping liede
Der is foar ús mar ien planeet.
Elts is wolkom, nei ôfrin is der kofje.
Geef een reactie