Der rinne in soad minsken nei tsjerke ta dizze jûn.
It fielt as rinne we yn in keppel skiep!
Yn groepkes meie wy nei binnen ta.
De tsjerke is prachtich fersierd en sit fol mei bern en grutte minsken.
De bern sjonge moai.
It ferhaal fan de wizen út it Easten wurdt moai útbylde troch de learlingen.
It is in slagge feest.
As fan âlds krije de bern in sinesappel en diskear ek in kearske mei nei hûs.