Een warme huiskamer

EEN WARME HUISKAMER

Sa stiet it hast eltse kear yn Tsjerkenijs. En dat is mooi want d’r binne in hiel soad minsken dy’t der eltse wike gehoar oan jouwe. Wat is it fyn om elkoar te moetsjen, in praatsje mei elkoar te hawwen en te lústerjen wat in oar dwaande hâldt. Ûnder it genot fan in bakje kofje, mei wat lekkers fansels, wurdt d’r hiel wat sein oer en wer.

Derneist ha wy it ek noch wolris wat drok. Want wy bringe in kaart oan minsken út ús doarp dy’t siik binne as in bemoediging nedich hawwe as at se wat te fieren hawwe. De kaarten gean de rûnte om en elts set syn as har namme derop. En dernei bringt ien fan de kofjedrinkers de kaart bij de minsken thús. Efkes oanbelje en in praatsje oan de doar as oan de keukentafel. Dat fyne de minsken mooi dy’t de kaart krije. Op sa’n manier kinne wy wat om elkoar tinke yn ús doarp.

Wat dan ek noch sa mooi is, is dat it allegear sels makke kaarten binne. De mooiste eksemplaren dy’t jo mar betinke kinne wurde makke troch minsken út Minnertsgea. Soms allinnich, mar soms ek yn in groep. En dat is ek altiid hiel gesellich. Minsken dy’t dizze mooie kaarten meitsje, tige tank derfoar!!

Wij ha eltse tiisdei te moarn de kofje klear! Kom ek ris lâns at jo dat leuk liket.

Eltsenien is  fan herte WOLKOM!

 

Datum

17 dec 2024

Tijd

10:00 - 11:30

Locatie

Twaskar
Meinardswei 6, Minnertsga
Ga naar de bovenkant